Fantastysk keatsend Boazum moat nei dramatyske polsbreuk fan Wiljo Sybrandy de priis oan Ie litte op
Doe’t Jacob Klaver yn 2004 mei de Jongfammepartij begûn wie ien fan de doelen in poadium te kreëaren foar junioare frouljukeatsers. Dat doel liket no nei sân jier faai te stean. In list fan mar 15 pertoer wie oan de krappe kant, mar wat noch noedliker is , is dat fan dy 15 partoer der foar takom jier mooglik 7 útinoar falle fanwege de leeftyd. Oanfulling fan ûnderop liket der net echt te wêzen. It soe in punt fan oerwaging wêze kinne foar de organisearende feriening en de KNKB om bygelyks liniger mei de dispensaasjeregel om te gean. Oare kenners út it omsittend laach suggerearden ek in aktiver werfingsbelied om net mear sa aktive jonge froulju oan te trunen diel te nimmen oan dizze prachtige partij. Tiid foar besinning dus om ek de kommende jierren dizze partij mei in moaie list ferkeatse te kinnen. Earste omloop De preemjewinners fan foarich jier,de beide Maaikes fan Pinjum hiene yn de earste omloop net folle moederaasje mei Boalsert. Boalsert, al fanôf de earste Jongfammepartij kânshawwer moast it no sûnder Fenna Zeinstra stelle. Dat gemis liet him jilde. It moast it no foaral fan Feikje Bouwhuis komme, mar dy koe it allinne net lûke. Op skjinne fjouwer foar Penjum diene se eefkes wat werom omdat Maaike Osinga en Maaike Wind wat begûnen te boekeljen. Mar op 5 om twa en 6-4 makke Maaike Osinga de partij út mei in sitbal. De spannendste partij op papier, tusken de winner fan foarich jier Frentsjer en St. Anne, de lytse preemjewinner, wie dat ek oant twa earsten gelyk. Frentsjer, dat der foar keazen hie it grutte talint, dispensaasjespylster Manon Scheepstra, thús te litten, moast it no ha fan Baukje Aalbers, oanfuld mei Marit Kuperus en Rianne Vellinga. Dy beide makken har paadfsje wol skjin mar it wie net genôch. Ek troch in glânsrol fan Lisette Wagenaar dy’t op de stuit folseine kontrôle hie. Tekenjend foar har klasse wie it momint op 5-2 en 2-6. Doe kaam Lisette mei twa sitballen op 6 gelyk en op dy stân retounearde se de útslach yn it perk. Dêrmei wie de priiswinner fan 2009 der dus direkt al ôf. De suskes Sybrandy (Nynke en Wiljo) mei balkearder Nelie Rijpma fan Boazum koene mei boarstjend gemak it twatal fan Grou (Nynke Sinnema en Nynke Andringa)mei 5-2 fan de list slaan. De debuterearende ôfdieling fan Reduzum hie noch minder muoite mei it swak operearende Bitgum. De sterke opslach fan âld Mantgumer Afke Kuipers en de etlike missers fan Bitgum oan de stuit fertelle it ferhaal fan dizze iensidige partij: 5-0 en 6-2. Opfallend wie ek it sterke tuskenspul fan Klasine Huistra. Gâns, potentieel moaie, keatsen waarden troch har messkerp ynkoarten of sels retourneard yn it perk. Ek op de foarminst makke se har paadsje prima skjin. Deinum koe ek net folle ynbringe tsjin de studinten út Grins. In debút foar de ôfdieling mar mei foar de prizen gefaarlike outsiders as Brecht Gerbrandy en Grada Schootstra yn de gelederen waard it 5-2 en 6-4. In oare outsider, Easterein, kaam wat stadich op gong tsjin it debutearende twatal (Sigrid de Jong en Janneke Terpstra) fan Wolsum. Dochs waard it uteinlik in maklike fiif om ien oerwinning foar Sietske Okkema, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra. Fan it twatal fan Mantgum, Ilse Noorman en Riemke van der Zee (keatst al twa jier net mear), koe net folle ferwachte wurde tsjin de grutte favoryt Ie. Foar dizze iene kear hiene se Klaske de Jong (foarich jier stoppe) mei as balkearder. Op skjinne fiif en 6 gelyk krige Mantgum noch al in kans op in buordsje. It perk waar lykwols mist en dêrmei in walkover foar Ie nei de twadde list. Twadde omloop Dronryp , by fiif fan de eardere 6 edysjes yn de prizen, hie nei in steand nûmer op de earste list it net troffen mei St. Anne dat sa sterk tsjin Frentsjer keatst hie. Wer wie it de klasse fan Lisette Wagenaar dy’t it ferskil makke. De earste fjouwer earsten waarden troch Lisette allegear op 6 gelyk beslist fanôf de stuit mei sitballen of net goed te ferwurkjen opslagen. De stipe fan har suske Esther en Margit de Groot (stoppe mei keatsen mar hiel deeglik foar yn it perk) makke dat se ek hast neat weijoegen. In lyts dipke yn it fyfde earst besoarge Dronryp op skjinne seis it earste en iennichste buordsje. Mei noch twa kear 6-4 pakte St. Anne dêrnei resolút de lêste twa buordsjes. De grutte ferrassing op de twadde list wie miskien net sa sear dat Boazum wûn fan de runner up fan foarich jier Penjum. Ommers de kracht fan Nynke en Wiljo is bekend en beide Maaikes ha oan’t no ta net sa’n fliegend seizoen, mar dat it sa’n ôfstraffing wurde soe foar Penjum hie net ien ferwachte. It waard mar leafst skjinne fiif foar Boazum. Penjum koe oan de stuit te min bringe, se krigen de ballen om ‘e earen fan de suskes, en twa kear op 6 gelyk waard it perk net fûn. It entûsjaste Easterein koe it Ie sa no en dan dreech meitsje. Se namen in earst foarsprong. Ie skeakele even in toskje by en pakte trije earsten op rige. Mar op trije om ien krige Easterein de kâns op de oansluting mei in skjinne seis foarsprong. Sterk perkspul fan Ie en op 6 gelyk in opslachflater fan Easterein besoarge Ie dochs it fjirde buordsje. Easterein joech lykwols net oer en mei in rige boppeslagen pakten se mei skjinne seis it spul. Ek neidat Ie op 6-4 op fiif om twa kaam wie, pakte Easterein brutaal wer in skjinne 6 foarsprong troch boppeslagen fan Anke Marije Pompstra. Ie waard der net oars fan en mei fjouwer winstpunten op rige waard it op papier dochs noch in maklike fiif om twa winstpartij De fjirde heale finalist moast komme út de partij tusken Reduzum en Grins. Dat waard spannend. Reduzum pakte in spul foarsprong. Mei twa kear 6-4 foar Grins wie de partij wer yn it lykwicht. In sterke searje fan Afke Kuipers oan de stuit en wer prachtich tuskenspul fan Klasine Huistra brocht Reduzum wer op in spul foarsprong. Grins die itselde en pakte ek in spul: fjouwer gelyk. De spanning bleau. Mar doe kaam it brekpunt. Op 6 gelyk liet Klasine, in foarbyld foar alle froulju yn it tuskenspul, foar ien kear de bal ûnder har troch strûpe. Dêrmei sloech Grins de keats foarby en namen se foar it earst in foarsprong. Noch even spanning op 5 om 4 en seis gelyk en in keats oer de middelline. De foarbêst fan Grins bleau lykwols kalm en brocht de bal achteryn op Afke Kuipers dy’t, seldsum, it plak yn it perk oernommen hie fan Anke Rinsma. Dy move pakte net goed út: Afke har útslach koe de keats net helje. Grins dus njonken Ie, Boazum en St. Anne yn de heale finale. Heale finale Boazum hie gâns better sicht op de opslach fan St. Anne as de eardere tsjinstanners, en dêrmei wie de angel út it fenyn fan St. Anne. It Sybrandyperk lieten eins net in bal sitte en makken sels amper flaters oan de stuit. De linichheid en kracht fan de Boazumers brocht har nei twa kear 6-4 op in skjinne trije earsten foar. St. Anne like noch even de guit te pakken te krijen en kaam werom op trije om ien. En, koe de oansluting pakke yn it fyfde earst mar nei in foarsprong gie op 6 gelyk it earst dochs nei Boazum doe’t der kwea útslein waard. De earste tongerkoppen en gerommel yn de fierte kundigen de ein fan St. Anne oan. Op en út woe it net mear, de fleur wie der út . Nei in skjinne seis en dochs noch in seis gelyk beslikke Boazum mei in boppeslach de partij. De spanning dy’t wol ferwachte wie, kaam der dus net yn dy earste heale finalepartij. Spanning wie der ek net yn de twadde heale finale. Grins krige mar ien buordsje tsjin Ie, dat suver freewheeljend yn in dik heal oere de partij beslikke. Finale De finale soe in prachtige útsetter wurde fan in partij dy’t , útsein de partij tusken Grins en Reduzum, amper spanning oplevere hie. It waard in absolute antiklimaks. Boazum begûn sa’t se alle trije omlopen al keatst hiene: frijmoedich, fanatyk en energyk. Se pakten dan ek op 6-2 it earste buordsje. En doe barde it. Yn in ûnskuldige poging de bal te kearen kaam Wiljo Sybrandy ûngelokkich op har pols. Elk koe it sjen en elk koe it hearre, dit wie yn de war, in polsbreuk. It wie gjin berie wurdich foar de coach fan Boazum. De partij wie dien. Ek Ie sil him in weardiger ôfskie winske ha fan dit poadium. Feit is dat se wol foar de tredde kear ( ek yn 2006 en 2007 wiene se winners) en fanwege harren leeftyd ek de lêste kear mei de prachtige wikselpriis nei hûs ta giene. Popke van der Zee Utslach: 1. Ie ( Klaske de Jong, Sjoukje Visser, Aukje van Kuiken) 2. Boazum ( Nellie Rijpma, Wiljo Sybrandy, Nynke Sybrandy 3. Grins (Michelle Bruinsma, Brecht Gerbrandy, Grada van der Schoot) St. Annaparochie ( Esther Wagenaar, Margit de Groot, Lisette Wagenaar)
Geplaatst op 03 July 2010